Sjauffeurs posityf oer eksamen

© Omrop Fryslân
Fryske taksybedriuwen binne ridlik posityf oer de plannen foar in ferplicht rydeksamen foar sjauffeurs. Ferkearsminister Peijs wol dat alle taksysjauffeurs sa'n eksamen ôflizze om de tsjinstferliening te ferbetterjen. Foar it eksamen moat in oplieding folge wurde, dêr't lessen yn jûn wurde oer feilich autoriden en sosjale omgong.
Fryske taksysjauffeurs fine dat se de dupe wurde fan de minne prestaasjes fan taksy's yn de grutte stêden.