Sven Kramer tredde yn jeugdtoer

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Sven Kramer fan Aldskoat stiet nei trije ritten tredde yn de ynternasjonale jeugdtoer fan Assen. It is de 39ste jeugdtour mei benammen dielnimmers út Europa. Yn de prolooch helle Kramer in fjirde plak. Dêrnei folge in tredde plak yn de earste etappe. Woansdei waard Kramer achtste.
Yn it algemien klassemint is de achterstân op lieder Jeroen Horck fan Enschede 12 tellen. It ferskil mei nûmer 2, de Deen Marc Hester, is 1 tel.