World Press Photo útstalling

© Omrop Fryslân
Foar it earst yn tsien jier is yn Fryslân wer in World Press Photo- eksposysje te sjen. De tentoanstelling mei wurk fan parsefotografen fan oer de hiele wrâld is te sjen yn de Martinitsjerke yn Snits.
De tentoanstelling is opdield yn ferskate kategorieën lykas keunst en nijs. Woansdei waard de tentoanstelling iepene troch boargemaster Hartkamp fan Snits. De foto's binne noch oant en mei 13 augustus te sjen.