Mitrailleur fûn op Skier

© Omrop Fryslân
By wurksumheden oan it dún by fakânsjepark Vitamaris op Skiermûntseach is in mitrailleur fûn.
It wapen komt nei alle gedachten fan in Dútse soldaat dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn Marezathe wenne. Dêr flakby wie in wapenopslach. Dy ûntplofte yn 1943 by in selsmoardpoging fan in Dútse soldaat. Bauke Henstra fan Skiermûntseach brûkt de fynst foar it boek oer Skier yn de Twadde Wrâldoarloch dat er skriuwt.