Fryske VVV's wolle ek fergoeding

23 jul 2003 - 00:00

De VVV's yn Fryslân wolle in regeling foar de skea dy't se hawwe troch it fallisemint fan it NNBT, it Noard- Nederlânsk Buro foar Toerisme. De trije noardlike provinsjes stelle wol 270.000 euro beskikber foar de dupearre toeristen, mar allinnich foar dyjingen dy't rjochtstreeks in fakânsje boekt hawwe by it NNBT.

De Fryske VVV's hawwe in soad ekstra kosten makke om nije fakânsjes te boeken, mar krije gjin fergoeding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)