Famylje werom fan rampefakânsje

© Omrop Fryslân
De famylje Dijkstra fan Tsjom is krekt werom fan har rampefakânsje yn Frankryk. Ferline wike waard har kamping yn Biscarosse troffen troch in sykloan. Twa minsken kamen dêrby om, guon rekken ferwûne en de skea wie grut.
Dat ien fan de tûzenen beammen op it kampingterrein net op de caravan fan de Dykstra's telâne kaam is, is in wûnder. Soan Reinout waard noch troffen troch de bliksem, mar hy rekke net ferwûne. De fakânsje hat mar 4 dagen duorre.