Echte Boerebrulloft op De Jouwer

23 jul 2003 - 00:00

Jan van der Lei (37) en Ida Eijzenga (32) út Wynjewâld ha elkoar woansdei op in bysûndere wize it ja-wurd jûn. Se trouden op de Boerebrulloft op De Jouwer. Meastentiids wurdt dêr sabeare troud, mar dit pear sil wier as man en frou fierder.

Op in sjees waard it pear Herema State ynriden. Yn dat iepenloftteater joegen de twa elkoar it ja-wurd. Yn Frysk kostúm fansels. Ek it tradisjonele Brulloftsmiel sil net ûntbrekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)