Postma kampioen twaspan

23 jul 2003 - 00:00

Sibe Postma fan Kûfurderrige is Nederlânsk Kampioen twaspan Frysk ras wurden. Twad waard de kampioen fan ferline jier, Watte Bruinsma fan Rotstergaast. Dit NK is tiisdei ferriden op it Concours Hippique yn Nunspeet.

Postma waard kampioen mei Harmen (9) en Ulco (5). Hy treent al trije jier mei dit span en dit seizoen draaie se hieltyd yn 'e top mei. Postma waard sneon earste op de Friezedei yn Garyp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)