Burgum: Helmholt ljept it fierst

© Omrop Fryslân
Bart Helmholt wûn tiisdeitejûn it fierljeppen yn Burgum. Foar eigen publyk bleau dy oare Burgumer ljepper Henk Schievink mar krekt in pear sentimeter foar. Helmholt ljepte 17,70 Schievink bleau stykjen op 17,62.
By de froulju gie de winst nei Antke van der Wal fan Gryptsjerk mei 14.21. By de jonges wûn Piet Scherjon fan Burgum mei 16.40, by de junioaren gie de titel nei Hannes Scherjon fan Noardburgum mei 16.55.