Hûn mooglik deagien oan gif

22 jul 2003 - 00:00

In hûn is mooglik fergiftige op it strân fan Smelle Ie by Drachten. It bist hat snein nei in besite oan it strân in giftige stof binnen krigen. De hûn is deselde dei deagien.

In earste ûndersyk hat útwiisd dat de hûn slakke-kerrels binnen krigen hat. Op it strân binne gjin kerrels fûn. De gemeente giet út fan in ynsidint. Minsken mei hûnen mei ferskynsels fan fergiftiging wurde frege har gau te melden by in bistedokter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)