Fryske ekonomy is krompen

© Omrop Fryslân
De Fryske ekonomy is it ofrûne jier mei 1,2 prosint krompen troch de ekonomyske delgong. Datselde jildt ek foar de provinsjes Drinte, Limburch en Brabân.
Flevolân die it folle better mei in ekonomyske groei fan 2,4 prosint en ek yn Grinslân wie der groei. Dat komt troch opgong fan de telekomsektor en it winnen fan ierdgas. De weromfal yn Fryslân komt om't it minder giet mei de yndustry, de boubedriuwen en de enerzjysektor.