Broers fan Cambuur nei Sparta
Frank Broers (25) hat in kontrakt fan trije jier tekene by Sparta Rotterdam. De fuotballer hie ek in oerienkomst mei Cambuur. Troch privee-omstannichheden woe de ferdigener net spylje foar de Ljouwerters.
De twa partijen binne it moandei iens wurden oer in ôfkeapsom fan it kontrakt, sadat Broers frij wie om foar in oare klub te tekenjen. Broers spile de lêste twa seizoenen by Emmen.