Skeel oer ôffalstoffeheffing

© Omrop Fryslân
Bewenners fan de oanleunwenten by âldereinhûs Erasmushiem yn Ljouwert hawwe in oanmoanning mei in boete krigen fan de gemeente Ljouwert. Dy wol dat de ôffalkosten betelle wurde. De bewenners wolle dy net betelje, om't de ôffalstoffeheffing fertrijefâldige is sûnt dy apart oanslein wurdt. Earder waard it bedrach ferwurke yn de algemiene servicekosten.
Nei oerlis mei de gemeente docht bliken dat de bewenners wol betelje moatte.