Foppe hâldt der yn 2004 mei op

© Omrop Fryslân
Nei it kommende seizoen leit Foppe de Haan syn funksje as trainer fan SC Hearrenfean del. De Haan hat dat op de parsedei fan SC Hearrenfean bekend makke. De Haan sil noch in jier langer bliuwe yn in oare funksje.
De Haan is sûnt 1985 by Hearrenfean. Hy wie haadtrainer fan 1985 oant 1987. Sûnt 1992 is hy haadtrainer en technysk direkteur. Hy is de langst sittende trainer by deselde klub yn it Nederlânske betelle fuotbal.