Acht jier sel easke foar moard

22 jul 2003 - 00:00

Acht jier sel mei TBS is tiisdei easke tsjin de fertochte fan de moard op Rinze van der Heide yn Drachten. Hy is yn septimber 2002 mei messtekken om it libben brocht.

De haadfertochte komt út Burgum. Hy hie al in strafblêd foar mishanneling. Hy ried earder in motorrider dea doe't er mei drank op ried. De offisier fan justysje easket de straf op grûn fan moard. De advokaat pleitet foar deaslach. Utspraak is 5 augustus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)