Wer planskeaclaim oer Betonwei

22 jul 2003 - 00:00

In ynwenner fan Boelensleane hat by de gemeente Achtkarspelen in fersyk yntsjinne foar planskea. Dat hat te krijen mei it wurk oan de Betonwei- Langewyk by de Harkema en Boelensleane. De dyk wurdt dêr ferbrede en krijt in laach asfalt.

Achtkarspelen hat in advysburo út Rotterdam ynhierd om de claim te ûndersykjen. Eardere claims fan de middenstân yn Droegeham, Kootstertille en Boelensleane binne ôfwiisd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)