Baangarânsje foar CHN-studinten

21 jul 2003 - 00:00

Fyftich ynternasjonale studinten fan de hotelskoalle yn Ljouwert kinne in baangarânsje krije yn Súd-Afrika. Betingst is dat se it grutste part fan har oplieding op de CHN-fêstiging yn Súd-Afrika trochbringe.

It inisjatyf komt fan in ynternasjonale hotelketen. De hegeskoalle is der bliid mei om't it dreech is nei de stúdzje wurk te finen. It is noch ûndúdlik hoefolle studinten belangstelling ha foar in baan yn Súd-Afrika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)