Mear plak foar boaten Earnewâld

21 jul 2003 - 00:00

It rûnfeartbedriuw MSK Frisia út Earnewâld kin gau begjinne mei de oanlis fan in twadde steiger foar de boaten. Fanwege te min oanlisplakken lizze de boaten op de wâl oan, wylst dat ferbean is.

De gemeente Tytsjerksteradiel wol it wetter oan de Kooijdyk by Earnewâld nei de boufak útbaggerje sadat it bedriuw genôch lisplakken hat. Der wurdt al jierren praat oer de útwreiding fan it tal lisplakken fan it rûnfeartbedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)