Provinsjes rêde websiden NNBT

21 jul 2003 - 00:00

Mei de oankeap fan de server en de domeinnammen hawwe de trije noardlike provinsjes websiden fan de NNBT rêden. Fryslân, Grinslân en Drinte betellen meiïnoar 14.000 euro en binne oant ein dit jier eigner fan de websiden fan û.o. de VVV's fan Snits en de eilannen.

Troch it fallisemint fan it NNBT drige it hostingsbedriuw net mear betelle te wurden. De websiden, dêr't bygelyks akkommodaasje boekt wurde koe, soene dan út 'e loft helle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)