Tryater hat mobile teatertrailer

© Omrop Fryslân
In frachtweintrailer is spesjaal foar Tryater ferboud ta in mobyl teater. Mei hydraulyske technyk is de trailer út te bouwen ta in folslein funksjoneel jeugdteater fan tolve meter lang en seis meter heech. Der is dan plak foar sechtich bern. De trailer hat in soad technyske snufkes, lykas in bewegend fideoskerm.
It is de bedoeling dat it mobile teater by safolle mooglike basisskoallen yn Noard-Nederlân del giet.