Winst Rengersdei nei Van Tuinen

21 jul 2003 - 00:00

It partoer fan Pieter van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar hat snein de Rengersdei yn Ljouwert wûn. De keatsers stiene yn de finale tsjin it partoer fan Klaas Anne Terpstra, Jan Willem van Beem en Auke van der Graaf yn it perk. It wie in moaie finale mei in soad boppeslaggen en knap keatsspul.

De tredde priis wie ferrassend foar René Jansse, Pieter Scharringa en Johannes Boersma. Dizze earsteklassers promovearje nei de PC nei de haadklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)