Wetterlieding knapt yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Oan de Grutte Dijlakker yn Boalsert is moandeitemoarn betiid in wetterlieding sprongen. It giet om in haadlieding dy't troch noch ûnbekende oarsaak spontaan sprongen is. Der ûntstie ek in lyts lek yn in gaslieding, dêr't wat gas by frijkommen is. Plysje en brânwacht stelle in ûndersyk yn.
De strjitte is moandeitemoarns gelyk ôfset en bliuwt nei alle gedachten de hiele dei ôfsluten foar ferkear. Sawat tritich húshâldings sitte sûnder wetter.