Lopez wint Windmill Cup

20 jul 2003 - 00:00

Daniel Lopez (14) út Paraguay hat snein de finale fan it Windmill Cup toernoai yn Ljouwert wûn. Hy wie mei 6-2 en 6-4 sterker as syn tsjinstanner Kei Nishikori (13) út Japan. By de froulju wie Sorana Cirstea út Roemenië de bêste.

It tennistoernoai is it grutste ynternasjonale toernoai foar jong tennistalint, oant en mei 14 jier. Takom jier hopet Ljouwert de fjirtjinde edysje organisearje te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)