CD fan Spanner legaal downloade

© Omrop Fryslân
As earste band yn de wrâld is muzyk fan Spanner legaal fan ynternet ôf te heljen. Fia de side www.yeahronimo.com binne de nûmers fan it debútalbum Wonderful World te hearren. Der moat wol foar betelle wurde. Sjonger Syb van der Ploeg neamt de side in goede ûtjouwing foar de hiele muzykbrânzje, om't it yllegaal downloaden fan muzyk skealik foar bands en muzykyndustry is.
Op termyn wol de side ek online sportwedstriden oanbiede.