300 ton deade bisten ophelle

20 jul 2003 - 00:00

Rendac yn Burgum hat sneon yn it hiele lân 300 ton deade bisten ophelle. Fanwege it waarme waar makke it destruksjebedriuw bekend ek op sneon te wurkjen. Gewoanwei hellet Rendac troch de wike 600 oant 700 ton op.

Neffens in wurdfierder is moandei pas te sjen oft der mear bisten dea gien binne troch de waarmte. Meastentiids is dat wol sa en dêrom besleat it bedriuw om in ekstra dei yn te romjen foar it opheljen fan deade bisten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)