Maklike sege foar SC Hearrenfean

20 jul 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneon mei 4-1 wûn fan it Belgyske Lierse SK. Foar eigen publyk makke Sibon fuort yn it begjin fan de wedstriid al in doelpunt. Nei de lykmakker yn de 22ste minút, skoarden Denneboom en de nije spiler Knopper foar it skoft beide. Yn de twadde helte folge noch de moaie 4-1 fan Samaras.

It wie de earste wedstriid yn de tredde ronde fan de yntertoto-kompetysje. Oer in wike moatte de Friezen yn België spylje foar de return-wedstriid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)