Partoer De Groot degradearret

19 jul 2003 - 00:00

By it keatsen yn Makkum om 'e premy of neat is it partoer fan Jan Dirk de Groot, Willem Rienks en René Tiesma degradearre. It partoer fan Johan van der Meulen, Cornelis Terpstra en Jacob Wassenaar stie ek op de nominaasje mei itselde tal punten. Mar sy hiene de measte earsten en bliuwe dus haadklasse.

De finale gie tusken it partoer fan Johan Abma, Kor Zittema en Marten Feenstra tsjin dat fan Rutmer van der Meer, Henk Vlietstra en Taeke Triemstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)