Mear struktuer yn helpferliening

19 jul 2003 - 00:00

Der moat folle mear struktuer komme yn de opfang fan jonge prostituees. De help hinget no te bot ôf fan lossteande, tafallige inisjativen. Sa konkludearret it Ljouwerter opfanghûs Asja yn in rapport oer jeugd- prostitúsje.

Asja wol in lanlik ekspertisesintrum opsette, dêr't helpferlieners ynformaasje krije kinne. It sintrum soe ek soargje moatte foar mear gearwurking tusken de ferskillende inisjativen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)