Plysje fynt deade man yn wente

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemoarn yn in wente yn Snits it stoflik omskot fan in man fûn. It giet om de bewenner fan it hûs. It liket derop dat de man ferstoarn is oan in slachiederlike blieding. Nei alle gedachten is de man ferwûne rekke doe't er it glês fan de tagongsdoar brutsen hat.
De plysje waard alarmearre troch de krantebesoarger, dy't bloed by de foardoar lizzen seach. It omskot is oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.