Fisken oersette op Schatzenburg

© Omrop Fryslân
Leden fan fiskferiening De Deinende Dobber ha freed opnij yn aksje west op rekreaasjekompleks Schatzenburg yn Menaam. Se besykje alle fisk út de fiver te heljen en oer te setten yn oar wetter. De fangst foel freed wat ôf.
De fisken moatte út de fiver omdat dy leechpompt en fjidder útdjippe wurdt. Om de fisken fan in wisse dea te rêden, hat de feriening dizze wike al trije kear oan it fiskjen west.