Cambuur - Saudi-Arabië: 0-0

19 jul 2003 - 00:00

Cambuur oefene freedtjeûn yn Wurdum tsjin it nasjonale alvetal fan Saudi-Arabië. Tsjin it team fan de Nederlânske trener Gerard van der Lem bleau it 0-0. Saudi-Arabië krige yn de earste helte de bêste kânsen, Cambuur yn de twadde.

Kommende moandei komme der twa spilers op proef by de Ljouwerter klub: Stefan Stam fan PSV en de Amearikaan Kaslaukas.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)