It Bilt krijt in 7

18 jul 2003 - 00:00

De gemeente It Bilt krijt it rapport- sifer sân fan syn ynwenners. Der hat in enkête west ûnder 150 Biltkers. De fragen dy't beäntwurde wurde moasten, giene bygelyks oer tsjinstferliening, ûnderwiis, rampebestriding en folks- húsfesting.

Opmerklik is dat de ynwenners mar min te sprekken binne oer de demokrasy yn de gemeente. Dat soe wolris de neisleep wêze kinne fan de komst fan it azc yn Sint Anne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)