Jokelyn Tienstra nei Spanje

18 jul 2003 - 00:00

Profesjoneel hânbalkeepster Jokelyn Tienstra, ôfkomstich út Sint Anne, begjint takom wike yn Spanje. San Sebastian in Baskenlân wurdt har nije wenplak. Tienstra giet op Spaanske les, dat is it handiger dan Baskysk yn de kommunikaasje mei de trainer dy't fan Barcelona komt.

Tienstra spile earder hânbal yn Denemarken, Dútslân en Noarwegen, dêr't se ek wenne hat. Se is fan doel om by it Nederlânsk hânbalteam te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)