Auto's iepenbrutsen yn Holwert

18 jul 2003 - 00:00

Ferskate auto's binne de ôfrûne dagen iepenbrutsen of fernield yn Holwert. Dat barde ferline wykein en yn de nacht fan tiisdei op woansdei sawol yn it doarp as op de pier. De pier is eigendom fan Wagenborg Passagiersdiensten.

Yn de measte gefallen binne der radio's en cd's stellen. De plysje is op syk nei tsjûgen fan dizze fernielingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)