Oanpak opfierde scooters

© Omrop Fryslân
Justysje wol de ferkeap fan opfiersetsjes foar scooters ferbiede. Dêrfoar is freed úteinset mei in tal fan prosedueres. Doel is om minsken mei opfierde scooters oan te pakken. Proef- prosessen moatte derta liede dat de ferkeap fan de setsjes ferbean wurdt.
Mei de opfiersetsjes kinne scooters snelheden fan wol 120 kilometer yn it oere helje. Dat is net feilich en feroarsaket in soad oerlêst. De setsjes binne no noch gewoan te keap.