Ien loket foar wenjen en soarch

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan De Lemmer, Snits en Koudum hoege aanst mar nei ien loket foar saken dy't te krijen ha mei wenjen, wolwêzen en soarch. It eksperimint set yn augustus út ein op 'e Lemmer. Yn Snits is al in lokaasje fûn oan de Singel.
Yn Koudum wurdt noch praat oer it opsetten fan sa'n loket. Inisjatyfnimmers binne ûnder oaren it Snitser Antonius Sikehûs en de stifting Hof en Hiem.