Flechtlingewurk lulk op minister

18 jul 2003 - 00:00

Flechtlingewurk Fryslân is lulk op minister Verdonk fan frjemdlingesaken, om't de IND dwaande is mei it ôfwizen fan pardon-oanfragen. Foar dizze regeling foar de saneamde schrijnende gefallen binne de kritearia lykwols noch net fêststeld. Inkelde tsientallen asylsikers út Fryslân hawwe in oanfraach foar dizze regeling dien.

Neffens it ministearje binne allinnich fersiken dy't net foldwaande motivearre binne, ôfwiisd.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)