Wjerljocht yn plysjeburo

17 jul 2003 - 00:00

Der wiene woansdeitejûn grutte problemen by de plysje fanwege it needwaar. De wjerljocht sloech yn op it plysjeburo yn Ljouwert. Dêrtroch foel it mobilofoan- en portofoanferkear yn de hiele provinsje út.

Der wiene gelokkich gjin akute need- sitewaasjes. It hat oardel oere duorre foar't probleem oplost wie. De brânwacht en de ambulânse dy't troch deselde meldkeamer oanstjoerd wurde, hiene gjin kommunikaasjeproblemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)