Drokte yn Kameleondoarp

© Omrop Fryslân
It Kameleondoarp lûkt in soad besikers. Neffens direkteur Stedehouder hat dat te krijen mei de bioskoopfilm fan Steven de Jong. Minsken dy't de film sjoen ha, wolle ek nei Terherne sels.
As de drokte oanhâldt hellet it doarp fan Hielke en Sietse Klinkhamer dit jier de hûnderttûzen besikers. Mei it jild dat de ekstra besikers binnen bringe, wurdt takom jier in nij besikerssintrum boud. Ek komt der in pottebakkerij yn it doarp.