Plan Bullepolder ferneatige

© Omrop Fryslân
De Rie fan Steate hat woansdei it bestimmingsplan fan de Bullepolder ferneatige. De bou fan 400 djoere wenningen rint dêrtroch fertraging op. Neffens de Rie hiene Deputearre Steaten it bestimmingsplan net goedkarre mocht. Ien hantekening fan in deputearre mist en dêrom is it plan net rjochtsjildich.
De gemeente Ljouwert neamt de gong fan saken spitich en besjocht earst de gefolgen fan de útspraak.