Dyk Burgumermar foldocht net

© Omrop Fryslân
De nije wetterkearing oan de Burgumermar by Eastermar wurdt wer nei seis wiken ôfgroeven. Der binne klachten kommen oer it swimmersplak. De dyk soe te heech wêze en by de oanlis is licht fersmoarge grûn brûkt mei pún en glês dêryn. Alden fine it ûnmooglik om bern dêr boartsje te litten.
Earder waard al dúdlik dat de gemeente Tytsjerksteradiel gjin fergunning oanfrege hie foar de oanlis. De klus kostet in pear tûzen euro.