Muzykfestival op Skier

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach stiet it lêste wykein fan july yn it teken fan keamermuzyk. Trije dagen lang duorret it Peter de Grote festival. It muzykbarren is in pear jier lyn yn Grins ûntstien. Op bysûndere lokaasjes jouwe muzikanten fan it konservatoarium konserten.
Ferline jier wienen der foar it earst ek konserten op it Waadeilân. Fanwege de grutte belangstelling stiet Skier wer op it program en kinne besikers der in wykein telâne.