Dielname Van den Berg is ûnwis

16 jul 2003 - 00:00

Turnster Berber van den Berg fan It Hearrenfean sit foarearst net yn de seleksje foar it WK turnjen. It bûn makket letter bekend oft se as sande meigiet. Dêrfoar moat se foarmbehâld toane. Earder wie al bekend dat Rikst Valentijn net meidocht. Se is blessearre.

By de manlju binne Epke en Herre Zonderland fan De Lemmer selektearre. It wrâldkampioenskip turnjen is fan 16 augustus ôf yn Anaheim yn Amearika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)