Nije oanfraach foar wynmûnen

16 jul 2003 - 00:00

Tritich boeren yn Littenseradiel moatte har oanfraach foar in wynmûne oanpasse. Dat komt troch in rjochterlike útspraak yn in saak fan it Fryske Gea en de gemeente. Der wie betizing oer hoe't de hichte fan de mûnen metten waard. It ferskil wie goed in meter. It Fryske Gea krige gelyk fan de rjochter.

De oanfraach rint troch de útspraak in fertraging fan in jier op. De boeren hoege net in hiele nije fergunning oan te freegjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)