Fytsfabryk Accell buorket goed

16 jul 2003 - 00:00

It fytsfabryk Accell fan It Hearrenfean docht it goed. Dat komt troch it moaie waar. De nettowinst fan Accell gie it ôfrûne healjier mei 41 prosint omheech, nei fiif miljoen euro, yn fergeliking mei deselde perioade ferline jier. De omset groeide mei fjouwer prosint, nei 165 miljoen euro.

Accell ferwachtet dat omstannichheden op de merk it kommende healjier net bot feroarje. It bedriuw giet dêrom út fan winstgroei foar it hiele jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)