Langwar wint by Earnewâld

15 jul 2003 - 00:00

It skûtsje fan Langwar hat it silen tiisdei by Earnewâld wûn. Anne Tjerkstra en syn mannen leinen lang op it twadde plak. Flak foar de ein koenen se Tjitte Brouwer fan It Hearrenfean foarby.

Tred waard it Snitser skûtsje fan Douwe Visser en fuort der achteroan waard it Grouster skip fan Berend Mink ôfsketten. De Jouwer waard fyfde, Huzum sechde en Boalsert sande.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)