Mishanneling yn Drachten

15 jul 2003 - 00:00

De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling. In man (37) út Drachten is sneintenacht op wei nei hûs mishannele. Hy waard bewusteleas fûn oan de Nachtegaalstrjitte. Syn gesicht siet ûnder it bloed en de eagen wienen tichtslein. Yn it sikehûs die bliken dat syn kaak brutsen wie en dat er in harsenskodding hie.

De plysje siket kontakt mei de man dy't it slachtoffer fûn hat of oare tsjûgen. Belje kin op 0900 – 8844.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)