Kostúms Kening Lear yn Tresoar

15 jul 2003 - 00:00

De kostúms fan it stik Kening Lear fan Tryater binne te sjen yn Tresoar yn Ljouwert. De klean binne ûntwurpen troch Hadewych ten Berge út Grins. Foar de útstalling hat se sechtjin kostúms útsocht, fan Kening Lear, syn trije dochters, de nar en in hynstekostúm.

Fierder binne assessoires en sketsen te sjen. Ut de kolleksje fan Tresoar is it hânskrift fan de earste Fryske oersetting fan Kening Lear fan Douwe Kalma te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)