Mooglik aksje ambulânsepersoniel

15 jul 2003 - 00:00

Partikuliere ambulânsemeiwurkers komme mooglik yn aksje om't it CAO-oerlis mei de wurkjouwers fêstrûn is. De fakbûnen ynformearje de fjouwerhûndert Fryske leden woansdei yn Drachten oer de stân fan saken.

De ambulânsemeiwurkers wurde frege oft se as aksjemiddel sneinstsjinsten draaie wolle. As der aksjes komme, sil dat nei alle gedachten pas yn septimber wêze.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)