Oernamepetearen Bergum Staalbouw

© Omrop Fryslân
De ûnderhannelings mei gadingmakkers foar it fallite Bergum Staalbouw binne noch hieltyd geande. Ien fan de kandidaten dy't mei kurator De Lange yn petear binne, is direkteur Pesie fan it bedriuw sels.
Ferline wike tiisdei is it bedriuw offisjeel fallyt ferklearre. De 80 meiwurkers hawwe allegear dien krigen. Pesie ferwachtet dat de helte fan dy minsken wer oan it wurk kinne soene as it bedriuw in trochstart meitsje kin.